De 13 fan Obbe Sjutsje

€ 29,95

De 2e printinge fan dit boek komt begjin septimber 2022 út. 

Neidat it boek útkommen is, krije jo it tastjoerd.

 

De 13 fan Obbe Sjutsje. De singeliere histoarje fan de Postma’s fan ’e Tempel yn ’e Sânfurdterryp giet oer wat de beide auteurs yn harren ynlieding ‘gewoane minsken’ neame. Mar dêr is wol wat mear oer te sizzen. It giet hjir om in goed útdjippe (sosjaal-histoaryske) skiednis fan in fenomeen, nammentlik psychiatryske problemen yn in boerehúshâlding, Roomsk-katolyk, op in efterôfhoeke fan it Fryske plattelân. Want fan de grutte húshâlding – trettjin bern – waarden op syn minst seis fanwegen skizofreny, in unyk mar tige tryst unikum, yn in psychiatryske ynrjochting ûnderbrocht.